Partoer Simon Minnesma wint de slach fan de generaasjes op 60ste Lytse PC yn Mantgum
Is der in moaier poadium tinkber dêr’t ferline en takomst har ferienigje yn it hjoed? In poadium dêr’t in ferskaat oan generaasjes allinne sportyf yn konflikt komt mar op it mêd fan ferdivedaasje ienriedich is. Teater fan hanneling is it keatsfjild fan KF Jacob Klaver te Mantgum en de titel fan it stik dat no al foar de sechtichste kear spile wurdt: de Lytse PC. Alles en elk spilet dit spul fan ferline, takomst en hjoed mei, fan akteurs binnen en bûten de linen oant de needsaaklike omballing, de prizen fan de ferlotterij, ta: de lotnûmers fan ferline jierren steane noch op prizen dy’t noait ophelle binne. Giet it dan net om de prizen? No keatsend seker wol. At it knypt dan dogge âld en jong, aktive en net mear sa aktive keatsers net foar inoar ûnder op it mêd fan ferbaal geweld. Lykwols is ek dat geweld mear teatraal as fijannich en draacht it úteinlik by oan it teater fan de sportive ferdividaasje. Dêrmei docht elk rjocht oan de ûndertitel fan dit teaterstik: It is mear as trije spul. Neffens de kenners om it fjild, en dy binne der altyd by de rûs, wiene der 5 favorite partoeren. Dy soene ek sûnder problemen de twadde list helje. Pieter van Althuis, en de cracks Dirk Jan v.d. Woud en Gerrit Flisijn hearden by dy fiif. Op de twadde list koene se it net risse tsjin Bouwe de Bruin, en de twa routiniers Willem Rienks en Gerrit Groen (beide noch winner yn 2006). Dit partoer wie net neamd by de kânshawwers. Mar sy slaggen der op de tredde list wol yn om noch in favoryt pertoer út te skeakeljen yn in prachtige spannende partij. Dirk Jan de Groot (tige suksesfol dit seizoen ek op haadklassenivo) hie mei Pieter Scharringa en good old Thomas van der Meer (twa âld “grutte” PC winners) sterke maten. Nei in fliegende start fan Bouwe de Bruin cs (trije om neat foar) kamen Dirk Jan en syn maten sterk werom en kamen sels op 5 om 4 foar. Dêrnei krigen se noch mar twa punten en op fiif earsten gelyk en 6-2 krige Dirk Jan de bal oan yn it tuskenspul. Dêrmei wiene Bouwe en dy de toch wol wat ferrassende earste heale finalisten. Twa fan de oare favoriten dy’t neamd waarden troffen inoar op de twadde list. Spannend waard it lykwols noait. Jelmer Hofstee, Michel van der Veen en Johannes Boersma krigen net mear as in spul tsjin Simon Minnesma, Chris Wassenaar en Arie den Breejen. Alle trije binne se dan ophoden mei keatsen mar dat se it net ferleard binne lieten se ek blike op de tredde list. Mei namme Simon Minnesma brocht it perk fan Pieter Vogels (bijlotte) en de bruorren Dennis en Steven de Bruin kear op kear yn ferlegenheid. In flotte fiif om ien winst wie it resultaat. Mei in steand nûmer op de fjirde list wiene sy de earste finalisten. In finale dy’t Chris en Simon beide al in kear wûn hiene (resp. yn en 1995 en 2004). It jonge pertoer fan Michiel Scheepvaart, Hyltje Bosma en Rudolf Soepboer waard troch keatskenner Theo Kuipers as iennichste neamd as fiifde kânshawwer foar de prizen en hy krige gelyk. Nei in drege start tsjin ek al wer cracks fan welear, Reinoud Monsma, Durk van der Meer en Tjitte Bonnema (5-4), keatsten se mei 5-2 en 5-3 deeglik nei de heale finale. Dêr troffen se dus de al neamde formaasje fan Bouwe de Bruin. Mei in spul om neat en trije om ien liken Bouwe, Gerrit en Willem op koers foar de finale.Mar doe pakten Scheepvaart en maten trije earste op ‘e rige troch mei namme in haperjende opslach by Bouwe en Gerrit, dy’t in rige missers produsearden en in rûfel boppeslagen om ‘e earen krigen. Bouwe herstelde him tydlik en mei goed tuskenspul en platte ballen op Hyltsje Bosma waard it dochs wer 5 om 4. Dêrmei wie it wol oer en op 5 om 4 en 6-2 sloech Bouwe de bal út. Foar it lêste bedriuw fan dit teaterstik , de finale, folgen noch trije koarte rituele sênes. Ten earste de útrikking fan de “Janse skaal” oan de trouste taskôger(s) fan it jier. Dy eare foel ta oan de famylje Plantinga. Peter de Boer mocht ferfolgens de ôfskienimmende keatser tasprekke: Gerben Hein Wytsma krige syn lêste krans op dit nivo. At it echt syn lêste is, moat blike want goeie akteurs komme lykas Heintje Davids seker op de Lytse PC gauris werom. Werom komme alle jierren de âldwinners fan 25 jier lyn: as opmaat foar de finale krigen: Piet Zondervan, Frans Groen (de omke fan de ferliezend heale finalist Gerrit Groen, en Willem Tuinman noch in blomke.. In nije en, mei alle respekt, âlde generaasje akteurs mocht opdrave foar de leste sêne. Aardich detail: alle seis akteurs droegen it neutrale, wite tenu fan net selektearde keatsers. It jonge pertoer sette helderop útein en hie yn it begjin aardich sukses mei djippe ballen op Chris Wassenaar. In flotte foarsprong fan in spul om neat wie it gefolch. Doe wie it ek hielendal dien mei it jeugdich entûsjasme. De klasse fan it pertoer Minnesma soarge derfoar dat it pertoer Scheepvaart noch mar ien kear, op spul om gelyk, op ‘e seis kaam. De klasse waard ûnderstreke troch in strûper fan in sitbal fan Simon Minnesma. Mei trije kear 6-2 wie de partij yn in poep en in skeet út. Al sechtich jier lang geane de priiswinners mei lúkse prizen nei hûs, en no dus ek. En om mei earste priiswiner Chris Wassenaar te sprekken: “In TomTom dêr kinne jo mei thús komme”. It lêste wurd wie lykwols oan spreekstalmeester Anne Muller troch dêr adrem op te reagearen mei: “No kinne jim it paad werom fine foar de Lytse PC fan takom jier.” En werom komme se hast altyd yn dit teater yn watfoar rol dan ek mar. De priiswinners: 1. Simon Minnesma De Ryp (Kening) Chris Wassenaar Minnerstgea Arie den Breejen Arum 2. Michiel Scheepvaart Makkum Hyltje Bosma Makkum Rudolf Soepboer Holwert 3. Bouwe de Bruin Mantgum Gerrit Groen Wergea Willem Rienks Wageningen
Geplaatst op 13 September 2009